From Wikipedia, the free encyclopedia
It Aldamt Nederlânsk en offisjeel: Oldambt) is in gemeente yn it easten fan de provinsje Grinslân, dy't by in gemeentlike weryndieling yn 2010 ûntstien is út de gearfoeging fan de gemeenten Scheemda, Wynskoat en Reiderlân.
Aldamt
Oldambt | |
---|---|
Reiderwolderpolder | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Grinslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Wynskoat |
grutste plak | Wynskoat |
ynwennertal | 39.433 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 167 / km² |
oerflak | 295,96 km² |
● wêrfan lân | 227,80 km² |
● wêrfan wetter | 68,16 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 14 |
ferkearsieren | A7 Spoarline Grins-Bad Nijeskâns |
skiednis | |
oprjochte | 2010 |
Foar 2010 | Reiderlân Scheemda Wynskoat |
oar | |
netnûmer | 0596, 0597, 0598 |
postkoade | 9670-9682, 9684-9694, 9940-9944 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.gemeente-oldambt.nl |
De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 39.433 ynwenners (boarne: CBS). It is dêrmei nei ynwennertal de sechsde gemeente fan Grinslân mei in oerflak fan ûngefear 296 km².
De gemeente Aldamt wurdt skaaimerke troch it stêdlike gebiet Wynskoat-Hilligerlee-Scheemda bylâns de A7 mei sa'n 25.000 ynwenners, it Wynskoaterdjip, de spoarwei Grins-Bremen, de doarpering om it projekt fan de Blauwestêd en it poldergea tsjin de Doalert oan, ek wol de "Nôtrepublyk" neamd. Fierder hat de gemeente in grinsoergong nei Dútslân by it eardere festingsplak Bad Nijeskâns.
De goed 30.000 ynwenners hawwe de beskikking oer in sikehûs: Ommelanner Sikehûs Grinslân yn Scheemda,de wiidweidige winkelfoarsjennings yn en om it sintrum fan Wynskoat hinne en in soad romte, fytspaden, de Aldamtmar fan 800 bunder en it kuerkompleks Thermen Bad Nieuweschans. Yn de stêd Wynskoat is der ûnderrjocht oanwêzich yn de foarm fan basisskoalle, middelber ûnderwiis (oant en mei gymnasium), ynternasjonaal ûnderwiis en ferskate MBU-opliedings.
De gemeente Aldamt rint foarop mei de fergrizing fan de befolking yn Nederlân, om't de gemeente in krimpgemeente is. It projekt Blauwestêd moat befolking nei de gemeente oanlûke.
Yn jannewaris 2008 besleaten de trije gemeenten ûnder druk fan de provinsje Grinslân ta de gemeentlike weryndieling, ek om't der tusken Scheemda en Wynskoat om de keunstmjittige Aldamtmar hinne it Blauwestêd-projekt oanlein waard. Benammee de kommunistyske partijen, de Nije Kommunistyske Partij Nederlân yn Reiderlân en de Feriene Kommunistyske Partij yn Scheemda, hawwe fûl protestearre tsjin de weryndieling. Yn de riedsgearkomsten blieken se de iennige tsjinstanners.
De gemeente leit yn de streken en de âlde Fryske goaen Reiderlân en it Aldamt, dêr't de gemeentenamme weikomt. Troch middel fan in enkête koene de ynwenners in namme kieze, dêr't Wynskoat en Reiderlân de oare twa karren wiene. Op 20 novimber 2008 kaam Aldamt dêrby as de winnende namme út de bus.
De gemeente Aldamt hat yn 2019 goed 16.000 wurkplakken en is dêrmei de fjirde ekonomy yn de provinsje. Nijsgjirrich is dat yn de sektoaren soarch en oare tsjinstferliening Aldamt nei de gemeente Grins de measte banen hat. Wichtige sektoaren yn de gemeente binne yndustry, hannel en lânbou. De wichtichste bedriuweterreinen yn de gemeente binne yn Scheemda (Eextahaven), Wynskoat en Bad Nijeskâns.
De gemeente Aldamt hat 15 plakken:
Wenplak | Ynwenners 2019 |
---|---|
Bad Nijeskâns | 1.345 |
Beerta | 2.215 |
Blauwestêd | 665 |
Drieborg | 480 |
Finsterwolde | 2.240 |
Hilligerlee | 1.440 |
Midwolda | 2.175 |
Nieuw-Beerta | 110 |
Nieuw-Scheemda | 340 |
Nieuwolda | 1.370 |
Oostwold | 1.405 |
Oudezijl | net bekend |
Scheemda | 4.970 |
Westerlee | 1.495 |
Wynskoat | 17.850 |
Partij | 2009 | 2014 | 2018 | 2022 | |||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
tal | % | sitten | tal | % | sitten | tal | % | sitten | tal | % | sitten | ||
PvdA | 3.155 | 23,5% | 7 | 2.320 | 13,4% | 4 | 2.269 | 14,5% | 4 | 2.144 | 14,7% | 4 | |
Gemeentebelangen Oldambt | - | - | - | - | - | - | 1.615 | 10,3% | 3 | 1,969 | 13,5% | 4 | |
PvhN | 453 | 3,4% | 1 | 1700 | 9,8% | 3 | 1.505 | 9,7% | 3 | 1.532 | 10,5% | 3 | |
VCP | 1.138 | 8,5% | 2 | 2.757 | 16,0% | 4 | 1.843 | 11,8% | 3 | 1.429 | 9,8% | 3 | |
VVD | 1.605 | 12,0% | 3 | 1.576 | 9,1% | 2 | 1.997 | 12,8% | 3 | 1.415 | 9,7% | 2 | |
SP | 1.350 | 10,1% | 3 | 3.213 | 18,6% | 5 | 2.008 | 12,9% | 4 | 1.342 | 9,2% | 2 | |
CDA | 2.142 | 16,0% | 4 | 1.966 | 11,4% | 3 | 1.280 | 8,2% | 2 | 992 | 6,8% | 2 | |
PVV | - | - | - | - | - | - | - | - | - | 860 | 5,9% | 1 | |
D66 | 1.060 | 7,9% | 2 | 1.372 | 7,9% | 2 | 972 | 6,3% | 1 | 817 | 5,6% | 1 | |
ChristenUnie | 676 | 5,0% | 1 | 910 | 5,3% | 1 | 967 | 6,2% | 1 | 729 | 5,0% | 1 | |
GrienLinks | 1.134 | 8,5% | 2 | 486 | 2,8% | 0 | - | - | - | 627 | 4,3% | 1 | |
Oldambt Aktief | 395 | 2,9% | 0 | 905 | 5,2% | 1 | 658 | 4,2% | 1 | 496 | 3,4% | 1 | |
BVNL | 160 | 1,1% | 0 | ||||||||||
Groep HOP | 73 | 0,4% | 0 | - | 0,4% | 0 | - | - | - | ||||
Nije Kommunistyske Partij-NCPN | 310 | 2,3% | 0 | - | - | - | - | - | - | ||||
Opkomst | 13.418 | 42,3% | 25 | 17.278 | 25 | 15.923 | 50,2% | 25 | 14. 591 | 46,0% | 25 |
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |
Grinslân | |
---|---|
Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde | |
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.