Novosibirsk (Russysk: Новосибирская область, Novosibirskaja oblast) is in oblast fan Ruslân. De haadstêd Novosibirsk leit 3.191 km fan Moskou.
Novosibirsk oblast
Новосибирская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Sibearje |
ekonomyske regio | West-Sibearje |
haadplak | Novosibirsk |
grutste plak | Novosibirsk |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen (88,74%), Dútsers (1,16%) Tataren (0,91%), Oekraïners (0,83%) (stân: 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 2.780.292 (2022) |
oerflak | 177.756 km² |
befolkingstichtens | 15,64 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 28 septimber 1938 |
tiidsône | UTC+7 (MSK+4)) |
koördinaten | 55° 27' N 79° 33' E |
webside | www.adm.nso.ru |
Geografy
It gebiet leit yn it súdeastlike diel fan it Westsibearyske Leechlân tusken de Ob en de Irtysj. De oblast grinzget oan de oblasten Tomsk (noarden), Kemerovo (easten), de kraj Altaj (suden), oan de lângrins fan Kazachstan (súdwesten) en oan de oblast Omsk (west).
Foar it measte is it lânskip fan de oblast flak. Allinne de súdeastlike steppes hawwe wat mear reliëf. It noardlike diel bestiet út bosk. De oblast is ryk oan marren, wêrfan't de grutste marren yn it suden lizze. De grutste mar is de Tsjanymar, dy't troch de oanlis fan keunstmjittige eilannen en damen foar in diel opdrûge is. Oare marren binne de Sartlanmar en de Ubinskojemar. De rivieren yn de krite rinne nei de Ob.
Skiednis
De oblast waard op 28 septimber 1938 oprjochte.
Befolking
De befolking is foar mear as 90% Russysk. Dústers, Tataren en Oekraïners binne etnyske minderheden yn de oblast, mar dy wurde yn oantal lytser. Dêrfoaroer hawwe in soad minsken út de Transkaukaazje en Sintraal-Aazje harren yn de oblast nei wenjen set.
Befolkingsferrin
Jier | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.588.000 | 1.863.000 | 2.299.000 | 2.505.000 | 2.618.000 | 2.782.000 | 2.692.300 | 2.780.292 |
Bestjoerlike yndieling en stêden
Haadstêd is Novosibirsk. De stêd is ek it bestjoerlike sintrum fan it Federaal Distrikt Sibearje. Njonken Novosibirsk binne Berdsk, Iskitim, Kûibysjev en Barabinsk de grutste stêden.
De oblast is ûnderferdield yn 30 rajons en 5 stedsdistrikten. Meiïnoar binne der 14 stêden en 17 plakken mei in stedsk karakter.
Stêd | Namme | Wapen | Ynwenners | Lokaasje |
---|---|---|---|---|
Novosibirsk | Новосибирск | 1.621.330 (2022) | 55° 01' N 82° 55' E | |
Berdsk | Бердск | 103.544 (2022) | 54° 45' N 83° 06' E | |
Iskitim | Искитим | 55.433 (2022) | 54° 38' N 83° 18' E | |
Kûibysjev | Куйбышев | 43.195 (2022) | 55° 27' N 78° 18' E | |
Barabinsk | Барабинск | 28.546 (2022) | 55° 21' N 78° 21' E |
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.