De oblast Jaroslavl (Russysk: Ярославская область; Jaroslovskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn Ruslân. Haadstêd is Jaroslavl.

Fluch de feiten flagge, wapen ...
Jaroslavl oblast

Яросла́вская о́бласть

Thumb
flagge wapen
Thumb
polityk
soarte gebietOblast
lân Ruslân
federaal distriktSintraal Federaal Distrikt
ekonomyske regioSintrale Ekonomyske Regio
haadplakJaroslavl
grutste plakJaroslavl
taalRussysk
Etnyske groepenRussen (95,2 %)
Ukraïeners (0,96 %)
Tataren (0,45 %)
(Stân 2002)
sifers
ynwennertal1.227.383 (2022)
oerflak36.177 km²
befolkingstichtens33,93 ynw. / km²
oar
stifting11 maart 1936
tiidsôneUTC +3
koördinaten57° 39' N 39° 15' E
websidewww.adm.yar.ru
Slute

De oblast is part fan it Sintraal Federaal Distrikt en grinzget oan de oblasten Vladimir, Vologda, Ivanovo, Kostroma, Moskou en Tver.

De ôfstân fan Moskou oer it spoar is 282 km, mei de auto 265 km en is himelsbreed 250 km.

De oblast leit yn it noarden fan de Easteuropeeske Leechflakte. Eartiids bestie it hiele gebiet fan de oblast út ticht nullewâld en mingd bosk, mar tsjintwurdich bestiet it gebiet út boulân en bosk mei bjirkebeammen en popelieren. Grutte stikken binne ek somplân. De oblast wurdt troch de Wolga midstwa dield.

Foar de Twadde Wrâldkriich wie de oblast ien fan de meast yndustrialisearre oblasten fan Sintraal-Ruslân. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de oblast bombardearre; de slimste bombardeminten wiene yn de nachten fan 10 en 21 juny 1943.

Bestjoer

Yn maart 1936 waard yn de USSR it doetiidske oblast Ivanovo opdield yn de nije oblasten Ivanovo en Jaroslavl. It tsjintwurdige oerflak krige de oblast yn 1944 nei't in diel ôfskieden waard foar de oprjochting fan it nije oblast Kostroma.

De oblast Jaroslavl is ferdield yn 17 rajons en trije stedsdistrikten. Dy trije stedsdistrikten binne de trije grutste stêden.

Mear ynformaasje Nû., Rajon ...
Nû.RajonRussyskYnwenners (2021)Kaart
1BolsjeselskiБольшесельский8.967
2BorisoglebskiБорисоглебский11.830
3BrejtovskiБрейтовский5.686
4DanilovskiДаниловский23.751
5Gavrilov-Jamskiгаврилов-Ямский24.585
6JaroslavskiЯрославский67.675
7LjûbimskiЛюбимский10.266
8MysjkinskiМышкинский9.205
9NekouzskiНекоузский13.229
10NekrasovskiНекрасовский18.629
11UglitsjskiУгличский44.218
12PereslavskiПереславский20.076
13PervomajskiПервомайский9.779
14PosjechonskiПошехонский12.425
15RostovskiРостовский61.721
16RybinskiРыбинский25.274
17TûtajevskiТутаевский55.169
Slute

Grutste stêden

De belangrykste stêden binne njonken de haadstêd Jaroslavl Rybinsk en de stêden Rostov en Pereslavl-Zalesski.

Mear ynformaasje Namme, Russysk ...
Grutste stêden
Namme Russysk Ynwenners (2021)
JaroslavlЯрославль601.403
RybinskРыбинск182.383
TûtajevТутаев39.749
Pereslavl-ZalesskiПереславль-Залесский37.391
UglitsjУглич31.452
RostovРостов30.406
Slute

Befolkingsûntwikkeling

Mear ynformaasje Jier ...
Jier18971928195919791990200020102020
Befolking1.071.3551.3512001.395.6271.424.8061.472.1261.406.1111.272.4681.253.389
Slute

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.