Njoggeneagen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De njoggeneagen (Latynske namme: Petromyzontiformes) foarmje in skift fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de boppeklasse fan 'e kaakleaze fisken (Agnatha) en de klasse fan 'e njoggeneagen en sibben (Petromyzontida). De njoggeneagen wurde ornaris mei de slymnjoggeneagen (Myxini) gearbrocht ûnder de namme rûnmûnigen (Cyclostomata), al is dy yndieling omstriden en is de krekte bân tusken de beide groepen noch altyd net alhiel dúdlik. De namme "njoggeneach" komt fan 'e rige iepenings by de kop fan dizze bisten, wêrfan't sân kiuwen binne, it achtste it eigentlike each en it njoggende de noasiepening.
Fluch de feiten
Njoggeneagen | ||
In pear riviernjoggeneagen (Lampetra fluviatilis). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
boppeklasse: | kaakleaze fisken (Agnatha) | |
(sûnder rang): | rûnmûnigen (Cyclostomata) | |
klasse: | njoggeneagen en sibben (Petromyzontida) | |
skift: | njoggeneagen (Petromyzontiformes) | |
Risso, 1827 | ||
Slute