From Wikipedia, the free encyclopedia
De Neva (Russysk: Нева) is in rivier yn Ruslân. De rivier is 74 km lang en 200 oant 1200 meter breed. Hy streamt fan de Ladogamar nei de Eastsee (Finske Golf). De Neva is part fan de Wolga-Baltyske wetterwei tusken de Eastsee, de Kaspyske See en de Wite See. Fan desimber oant april is de rivier beferzen en net te befarren.
Nettsjinsteande syn beskieden lingte, is de Neva dochs de treds grutste rivier fan Jeropa wat de grutte fan de wetterloazing oanbelanget. Allinnich de Wolga en de Donau streamt mear wetter troch. Oan de mûning fan de Neva leit de wichtige stêd Sint-Petersburch, eartiids de stêd fan de tsaren.
Yn de Neva-delta lizze in protte eilantsjes dy't sawol troch natuerlike rivierearmen as kanalen foarme binne. In diel fan it histoaryske Sint-Petersburch leit op guon fan dy eilannen.
It museum Hermitage yn Amsterdam hat syn kafee-restaurant nei dy rivier neamd, omdat er de libbensier fan Sint-Petersburch wie.
Yn de Midsiuwen wie de brede en goed befarbere rivier tige wichtich as ferbining tusken de Baltyske See en de havens oan de Wolga, dêr't hannele waard mei it Easten. Op it plak dêr't de Neva en Izhora gearkomme wie de ferneamde, mar min beskreaune, Slach fan de Neva (1240) tusken de Sweden en de Russen. Aleksander Jaroslavitsj, Prins fan Novgorod, wûn dy ûnderstelde slach, en hold der de titel Nevsky (wat "Fan de Neva" betsjut) oan oer.
Yn de 16e iuw lei it Sweedske fort Nyen oan de mûning fan de Neva en der wie in Russysk fort 'Oresjek' op it plak dêr't de Neva yn it Ladogamar útkomt. It Nyen fort waard ferneatige troch Peter de Grutte, nei't er dêr it Peter en Paul Fort yn 1703 stifte hie op it Hazze-eilân. It fort wurdt beskôge as it earste gebou fan it tsjintwurdige Sint Petersburch. Tsaar Peter joech ek de oanset ta it dollen fan it Ladogakanaal dy't de Neva mei de Volkhov en de Svir ferbynt.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.