Neogoatyske tsjerken yn Fryslân
Wikimedia-list / From Wikipedia, the free encyclopedia
De Neogoatyske tsjerken yn Fryslân binne foar it grutste part roomskke gebouwen út de twadde helte fan de 19e iuw. De measten binne ûntwurpen troch de arsjitekten Pierre Cuypers (sân tsjerken) en Alfred Tepe (fjouwer tsjerken). Ek twa learlingen fan Pierre Cuypers, Jan Doedes van der Weide, Nicolaas Molenaar, en ek syn eardere konkurrint Carl Weber, hawwe elk in tsjerke ûntwurpen. Trije neogoatyske tsjerken (begjin 20e iuw) binne fan Wolter te Riele.
Twa tsjerken binne lykwols al plat smiten: De tsjerke yn Frjentsjer fan Weber waard yn 1960 sloopt en de tsjerke yn Wytgaard fan Pierre Cuypers folge yn 1965.