In negrospiritual is in tradisjoneel religieus folksferske, dat oarspronklik ûntstien is as wurkliet fan 'e negerslaven yn 'e njoggentjinde-iuwske Feriene Steaten. Yn dit muzyksjenre binne Westerske en Afrikaanske eleminten ferraand.

De teksten fan negrosprirituals binne kristlik ynspirearre, faak mei ferwizings nei it Alde Testamint fan 'e Bibel. De meldijen binne ienfâldich en hawwe in swingend ritme, krekt as de shantys fan seelju, dat fan oarsprong ek wurklieten wiene. Oarspronklik waarden dizze negrospirituals a kapella (sûnder ynstrumintale begelieding) útfierd mei ûnderskied tusken in solist en in (mearstimmige) groep, wêrby't in call and response-patroan hantearre waard. De útfiering lit hiel wat spontane muzikaliteit en belutsenheid fan 'e mienskip ta yn 'e foarm fan útroppen, jûchhei en hanklappen. Troch it sjongen fan negrospirituals fûnen de swarte slaven treast foar de situaasje dêr't hja ûnder libben. De styl fan 'e dizze lieten waard letter oernomd troch de gospelmuzyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.