From Wikipedia, the free encyclopedia
Neder-Germaanje (Latynsk: Germania Inferior) wie in Romeinske provinsje dy' oan de linkerside fan de Ryn lei. De provinsje omklamme it gebiet dat tsjintwurdich diel útmakket fan Sud-Nederlân en it westen fan Dutslân. De haadstêd wie Colonia Agrippinensis (ek folút Colonia Claudia Ara Agrippinensium), tsjintwurdich Keulen. Oare wichtige plakken wienen Bona (Bonn), Castra Vetera (Xanten), Noviomagus (Nymwegen) en Trajectum ad Rhenum (Utert).
De ynwenners fan it gebiet kamen foar it earst yn oanrekking mei de Romeinen tidens de Galyske oarloggen fan Julius Caesar. Yn 57 f.Kr. waard de regio beset troch de troepen fan Caesar en fanôf 50 f.Kr. waarden de earste Romeinske delsettings boud. It gebiet wie doe part fan de provinsje Belgica.
De namme Neder-Germaanje is ûntstean neidat keizer Domitianus yn it jier 90 de twa militêre gewesten lâns de Ryn ta folweardige provinsjes makke, te witten: Neder-Germaanje (mei as haadstêd Colonia Agrippina) en Boppe-Germaanje (mei as haadstêd Moguntiacum, tsjintwurdich Mainz). Tt taheaksel Neder ferwiist nei de lizzing fan de provinsje neffens dat fan it heger lizzende Opper-Germaanje.
De provinsje wie Romeinsk grinsgebiet en makke as sadanich diel út fan de limes. De provinsje hie in soad fersterke pleatsen en der wienen in protte soldaten oanwêzich.
De Romeinske oanwêzigens einigje yn 406.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.