Natuerkunde
From Wikipedia, the free encyclopedia
Natuerkunde is de wittenskip fan de matearje. Der wurdt ek wol sein dat natuerkunde de net-libbene natuer bestudearret. De natuerkunde is in eksakte wittenskip.
Natuerkundigen bestudearje it gedrach en de ynteraksje fan matearje yn romte en tiid. It wurd "matearje" moat dêrby breed opfette wurde; it kin massa op makroskopyske skaal wêze, mar ek bygelyks elektromagnetyske strieling of yndividuele elemintêre dieltsjes en harren ynteraksjes. De natuerkundige bestudearret de eigenskippen fan de eleminten en ferbinings, lykas bygelyks faze-oergongen, kristalstruktuer, fiskositeit en waarmtelieding, en besiket in útlis foar dy eigenskippen te finen.
Natuerkunde hat te krijen mei de measte oare eksakte wittenskippen:
- Skiekunde, dêr't sjoen wurdt nei reaksjes tusken ferskillende stoffen (fysyske gemy);
- Biology, dy't him benammen dwaande hâldt mei de libbene matearje (biofysika);
- Ierdwittenskip (geofysika, stjerrekunde).
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.