Naomi Watts
From Wikipedia, the free encyclopedia
Naomi Ellen Watts (Shoreham (Kent), 28 septimber 1968) is in yn Ingelân berne en yn Austraalje grutbrochte aktrise. Watts begûn hâr karriêre op de Australyske telefyzje, dêr't sy ferskynde yn reklamespotsjes en yn tv-rigen, sa as de soap Home and Away, Brides of Christ en de 'sitcom' Hey Dad..!.
Sy is bekend fan har rollen yn films as Mulholland Drive (2001), The Ring (2002) en 21 Grams (2003), dy't har wrâldwiid omtinken en in Academy Award nominaasje opsmieten. Fierders hie sy in haadrol yn King Kong (2005), Eastern Promises (2007), en The International (2009). Yn totaal hat hja 25 filmprizen krige.