![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/94/Insulfation.jpg/640px-Insulfation.jpg&w=640&q=50)
Mûle-op-mûlebeäzeming
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mûle-op-mûlebeäzeming is in foarm fan keunstmjittich sykheljen, dy't as earste help tapast wurde kin by ien dy't net sels mear by steat is te sykheljen. Men blaast it slachtoffer lucht yn de longen, sadat dy syn bloed dochs soerstof krijt. Leafst blaast men de lucht troch in helpmiddel, lykas in beäzemingsmasker of -doekje, of in bûsdoek, om oerdracht fan besmetting sa goed mooglik te foarkommen.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/94/Insulfation.jpg/320px-Insulfation.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/d8/Beatmungsmaske_von_Laerdal.jpg/640px-Beatmungsmaske_von_Laerdal.jpg)
Mocht mûle-op-mûlebeäzeming net slagje, dan kin men besykje mûle-op-noasbeäzeming ta te passen.
As it slachtoffer hoastjen giet of snoarklûden makket, wiist dat der op dat hy sels sykhelje wol. In positive hoastbui wurdt kenmerke troch de mooglikheid fan it slachtoffer ta sprekken of gûlen, en de moooglikheid om tusken twa hoastbuien yn te sykheljen. It slachtoffer moat dan fan tichtbij yn de gaten hâlden wurde.
It ûnfermogen om sels te sykheljen kin ferskate oarsaken hawwe:
- Belemmering fan de luchtpassaazje:
- ferdrinking
- Ofsluting fan de luchtwei troch de tonge fan bewusteleaze pasjinten
- Ofsluting fan de luchtwei troch ferslokken
- Fergiftiging:
- koalmonokside (CO)
- koaldiokside (CO2)
- Tekoart oan soerstof:
- black-out
- longsqueeze
- dûbele pneumotoraks
- hertstilstân
- ademstilstân by breinskea