Moskfûgels
From Wikipedia, the free encyclopedia
De moskfûgels of mosken binne in famylje fan sjongfûgels yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes), út de boppefamylje fan de Passeroidea. Fan hús út binne de moskfûgels fûgels fan de "Âlde Wrâld" (Jeropa, Afrika, Aazje), mar de minske hat de (hús)mosk ek yn oare wrâlddielen yntroduseare.
Fluch de feiten
Moskfûgels | ||
mosk (Passer domesticus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | (Passeroidea) | |
famylje: | moskfûgels (Passeridae) | |
Rafinesque, 1865 | ||
Slute
De reade mosk, koarnmosk en reidmosk binne eigentlik gjin "mosken": de reade mosk (Carpodacus erythrinus) is ien fan de finkfûgels (Fringillidae), de oare twa hearre ta de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae): Emberiza calandra en E. schoeniclus).
De mosken binne foaral siediters, mar yn de briedtiid wurde ek ynsekten iten en oan de jongskes fuore.