Morfeem
From Wikipedia, the free encyclopedia
In morfeem (meartal: morfemen) is in elemint fan in wurd mei in eigen betsjutting/funksje, dat net opdield wurde kin.
Der binne twa typen morfemen:
- Dy't as selsstannich wurd bestean.
- De net selsstannich foarkommende wurdfoarmjende eleminten (affiksen). Affiksen binne der yn twa haadsoarten, de prefiks en de suffiks.
In ferbiningslûd (of bynmorfeem) is in tusken -s- of in tusken -e-: doarp-s-tsjerke, bern-e-boek.