Mongoloïde ras
From Wikipedia, the free encyclopedia
It mongoloïde ras (of it "giele" ras) is ien fan 'e trije haadrassen fan 'e minsklike soarte, neffens in no fierhinne efterhelle klassifikaasjesysteem op grûn fan lichaamlike skaaimerken dat fral yn 'e njoggentjinde en de iere tweintichste iuw frij algemien yn gebrûk wie. It wurd "mongoloïde" kombinearret de stam "Mongoalen", mei de útgong "-oïde", dy't "lykjend op" betsjut. Hoewol't it ûnderwilens folslein dúdlik wurden is dat der binnen de minske as biologyske soarte gjin wiere taksonomyske ûnderskieden besteane, en dat alle libbene minsken ta deselde soarte en itselde ras hearre, wurdt de term "ras" as ûnderskie fan hûdskleur bûten wittenskiplike fermiddens noch gauris brûkt, al wurde termen as "ras" en "mongoloïde" dêrby oer it algemien ferfongen troch eufemismen, lykas "rasiale eftergrûn" en "Aziaten". Ien wittenskiplik mêd dat noch wol gebrûk makket fan 'e âlde oantsjuttings fan ras, is dat fan gerjochtlike lykskôgings, om't it no ienris sa is dat de minsklike "rassen" justjes faninoar ferskillende fysike trekken hawwe, dy't fral ta utering komme yn it gesicht. Sa hawwe leden fan it mongoloïde ras oer it algemien in wat rûner antlit, mei mangelfoarmige eagen troch it foarkommen fan 'e saneamde Mongoaleploai.