Molukken
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Molukken is in arsjipel besteande út likernôch tûzen eilannen yn Yndoneezje, it is in part fan de Yndonesyske Arsjipel. It leit eastlik fan Sulawesi, westlik fan Nij-Guinee en noardlik fan Timor. Geografysk sjoen is it gebiet ûnderdiel fan Melaneezje, mar polityk is it fan Yndoneezje. It gebiet beslacht likernôch 74.505 kante kilometer, der wenje sa’n 2 miljoen minsken.
De measte eilannen fan de Molukken binne bercheftich, guon mei aktive fulkanen. Se hawwe in wiet klimaat. Der is in grut ferskaat yn fegetaasje op de smelle en lytse eilannen, sa is der reinwâld, sago, rys, en in soad speserijen as nútmuskaat en krûdnagel. De ynwenners wienen oarspronklik Melaneesk, mar in grut part fan de populaasje waard fermoarde yn de 17e iuw, benammen op de Banda Eilannen.
Fan 1950 oant 1999 wienen de Molukken in eigen provinsje. Yn 1999 de Noard-Molukken en Halmahera Tengah regintskippen waarden ôfsplitst as in selsstannige provinsje, dat de eilannen binne no twa provinsjes, Molukken en Noard-Molukken.
Tusken 1999 en 2002 wie it gebiet bekend troch de religieuze konflikten tusken moslims en kristenen. Oarsaak hjir fan wie ûnder oare de komt fan minsken fan Java, dy’t fan oare, ticht befolke eilannen fan Yndoneezje, nei it gebiet kamen. Op de Molukken is likernôch de helte fan it kristlik leauwe, wylst it meastepart fan Yndoneezje moslim is. Tusken de Molukkers ûnderling hat it nea in probleem west, mar mei de komst fan de strangere Javanen rûn it dochs út de hân. Yn de lêste jierren is it rêstich tusken de befolkingsgroepen.