Mitogondriaal DNA
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mitogondriaal DNA of mtDNA is lyts, ringfoarmich DNA dat him net yn 'e selkearn befynt, mar yn 'e mitogondriën. De mitogondriën befetsje ek in eigen type ribosomen. Der binne hûnderten mitogondriën per sel, en dy hawwe elts in grut tal sirkulêre gromosomen. Hoewol't dy allegearre deselde genen befetsjen, hoege se net allegearre identyk te wêzen. Sa'n sitewaasje hjit heteroplasmy. Wannear't der inkeld identike mtDNA-kopyen oanwêzich binne, sprekt men fan homoplasmy. It dûbelstrings mitogondriaal DNA by de minske befettet 37 genen: 22 kodearje foar transfer-RNA, 2 foar ribosomaal DNA en de restearjende 13 foar aaiwiten. It mitogondrion kodearret lykwols net folslein foar syn eigen aaiwiten. De genen dy't kodearje foar de oare likernôch 1.500 mitogondriale aaiwiten binne geandewei de evolúsje troch endosymbioatyske genoerdracht ferpleatst nei de selkearn. De measte aaiwytprodukten fan dy genen hawwe in spesjale translokaasjesekwinsje, sadat se nei de mitogondriën transportearre en ymportearre wurde sille.