Sindeling

From Wikipedia, the free encyclopedia

In sindeling of misjonaris is in persoan dy útstjoerd wurdt om in boadskip (sinding of missy), almeast fan in religy, te ferkundigjen. De wurden 'misjonaris' en 'missy' binne ôflaat fan it Latynske wurd missio, dat "útstjoere" betsjut. Dy wurden binne sels wer ôflaat fan (in lienfertaling fan) it Grykske wurd apostolos, "boadskipper".

Yn it kristendom hawwe der misjonarissen sûnder tal west. Yn 'e protestantske tsjerken wurdt hjirfoar it wurd 'sindeling' brûkt. By de Roomsk-Katolike Tsjerke sprekt men fan in 'misjonaris'. De stúdzje fan de ferkundiging fan it kristlik leauwe oan net-kristenen hiet sindingswittenskip of missiology. It kristendom hat yn de rin fan de skiednis wichtige sindelings hân. Willibrord en Bonifatius hawwe misjonarissen west nei de Friezen.

Net alle religys dogge (likefolle) oan missy. It kristendom hat hjir yn it ferline in protte oan dien en op it stuit stjoere benammen de mormoanen en de evangelyske tsjerken in protte sindelings út.

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.