Misdieden tsjin de minsklikheid of misdieden tsjin it minskdom binne, neffens it Utlizzend Memorandum fan it Statút fan Rome fan it Ynternasjonaal Strafhof, bysûnder oanstjitjaande misdriuwen dy't in slimme skeining fan 'e minsklike weardichheid of in djippe fernedering fan minsken ynhâlde. It binne net isolearre of sporadysk foarkommende ynsidinten; ynstee foarmje se ûnderdiel fan in oerheidsbelied of fan in rûnom besteande praktyk fan wreedheden en grouweldieden dy't talitten en mooglik behimmele wurde troch in regear of in feitlik gesach. De term "misdieden tsjin de minsklikheid" is dus in sammelnamme foar in breed skala oan grutskalige ynbrekken op 'e minskerjochten. Moard, útrûging, marteling, ferkrêfting of ferfolging fan minsken op grûn fan politike, etnyske, rasiale, religieuze, nasjonale of seksuële skaaimerken kinne allegear misdieden tsjin de minsklikheid wêze, mar dan moatte ien of mear partijen har der wol algemien en stelselmjittich oan skuldich makke hawwe. Isolearre dieden fan sok soarte kinne ek minskerjochteskeinings of, ôfhinklik fan 'e omstannichheden, oarlochsmisdieden wêze, mar kinne strafrjochtlik sjoen net beskôge wurde as misdieden tsjin 'e minsklikheid.
Skiednis
De beneaming "misdieden tsjin de minsklikheid" wurdt yn it ynternasjonaal rjocht as earste en wichtichste oanklacht brûkt foar de moarddiedige ferfolging fan in groep minsken. It begryp waard foar it earst brûkt yn de ynlieding fan de Fredeskonvinsje fan De Haach yn 1907, en waard nei de Twadde Wrâldoarloch ek brûkt by de Prosessen fan Neurenberch, omdat fergripen lykas de Holocaust útsoarte net in ferdrach skeinden, mar wol swier bestraft wurde moasten. Der is krityk op it begryp om't it in tige dizenige omskriuwing jout fan eigentlike misdieden jout, en gauris foar politike doelen brûkt wurdt. It útrûgingsbesykjen en de etnyske suverings fan 'e nazys wurde oer it generaal beskôge as misdieden tsjin de minsklikheid, mar de ferfolging fan beskate groepen troch de Sovjet-Uny en de Feriene Steaten net. De systematyske ferfolging fan 'e Afrikaanske befolking troch it Súdafrikaanske apartheidsrezjym waard yn 1966 troch de Feriene Naasjes wol wer oanmurken foar in misdie tsjin de minsklikheid.
Tekst fan it Statút fan Rome
Artikel 7 fan it Statút fan Rome, it ferdrach dêr't yn 2002 it Ynternasjonaal Strafhof mei oprjochte is, seit:
- "Foar it doel fan dit Statút wurdt ûnder "misdieden tsjin de minsklikheid" ferstien elts fan 'e folgjende dieden, ynsafier't dy begien binne as ûnderdiel fan in rûnom foarkommende of stelselmjittige oanfal, dy't rjochte is tsjin lykfol hokker boargerbefolking, mei foarkennis fan 'e oanfal:
(a) moard; (b) útrûging; (c) slavernij; (d) deportaasje of twongen ferhuzing fan in befolking; (e) finzenskip of oare yngripende úntsizzings fan fysike frijheid dy't de fûnemintele regels fan it ynternasjonaal rjocht skeine; (f) marteling; (g) ferkrêfting, seksuële slavernij, twongen prostitúsje, twongen swierwêzen, twongen sterilisaasje of lykfol hokker foarm fan seksueel geweld fan ferlykbere swierte; (h) ferfolging fan lykfol hokker identifisearbere groep of mienskip op politike, rasiale, nasjonale, etnyske, kulturele of geslachtlike grûnen, sa't definiëarre is yn kêst 3, of op oare grûnen dy’t nei algemiene erkenning ûntalitber binne ûnder it ynternasjonaal rjocht, ferbânhâldende mei lykfol hokker die dêr't yn dit kêst nei ferwiisd wurdt of lykfol hokker misdie ûnder de jurisdiksje fan it Hof; (i) twongen ferdwining fan persoanen; (j) de misdie apartheid; (k) oare ûnminsklike dieden fan in selde soarte dy't mei opsetsin grut lijen feroarsaakje of slimme ferwûnings oan 'e lea of oan 'e geastlike of fysike sûnens tabringe."
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.