Midway (atol)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Midway (Ingelsk: Midway Atoll) is in atol yn 'e noardlike Stille Oseaan, dat likernôch like fier fan Noard-Amearika as fan Aazje ôf leit. Mei't it ferskate eilannen omfettet, sprekt men ek wol fan 'e Midway-eilannen. Yn it Hawaïaansk wurdt it atol Kauihelani ("Rêchbonke fan 'e Himel") of Pihemanu ("Lûd Leven fan Fûgels") neamd. Geografysk heart Midway ta de Hawaï-eilannen en leit it yn it uterste noardwesten fan 'e Noardwestlike Hawaï-eilannen. Bestjoerlik is it al sûnt 1867 in ûnorganisearre en ûnynkorporearre territoarium fan 'e Feriene Steaten, dat ta de Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen rekkene wurdt. It atol is tsjintwurdich op 'e noed fan it Amerikaansk Minstearje fan Binnenlânske Saken. Midway is it iennichste diel fan 'e Hawaïaanske eilannekeatling dat net ta de Amerikaanske steat Hawaï heart. Ek leit it yn in oare tiidsône, Samoätiid (UTC–11), in oere efter Hawaïaansk-Aleoetyske Tiid (UTC–10). Yn it ferline wie der op 'e eilannen in basis fan 'e Amerikaanske Marine fêstige. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de wichtige Slach by Midway deunby it atol útfochten. No is Midway yn prinsipe ûnbewenne, útsein wat in team parkwachters fan 'e Fish and Wildlife Service oangiet.
Midway | ||
Satellytfoto fan Midway. | ||
emblemen | ||
Unoffisjele flagge fan Midway, ûntwurpen troch Steve Dryden fan 'e Fish and Wildlife Service, yntrodusearre yn 2000. | ||
polityk | ||
soarte gebiet | atol | |
lân | Feriene Steaten | |
falt ûnder | Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen | |
haadplak | Sand Island | |
bestjoer | Am. Ministearje fan Binnenlânske Saken | |
behear | Fish and Wildlife Service | |
sifers | ||
ynwennertal | 39 (2019) | |
oerflak | 6,3 km² | |
befolkingstichtens | 6,2 / km² | |
diel fan | Hawaï-eilannen | |
oar | ||
stifting | 1867 (besitting Am. Marine) 1996 (besitting Am. Ministearje fan Binnenlânske Saken) | |
tiidsône | UTC –11 | |
simmertiid | gjin simmertiid | |
koördinaten | 28°12′27″ N 177°21′00″ W | |
offisjele webside | ||
www.fws.gov/refuge/midway_atoll | ||
Kaart | ||
De lokaasje fan Midway yn 'e eilannekeatling fan 'e Hawaï-eilannen.
|