Midden-Frânsje
From Wikipedia, the free encyclopedia
Midden-Frânsje (Latyn: Francia media), Middenryk of Midfrankyske Ryk wie in Frankysk keninkryk dat mar foar in koart skoftke bestien hat. It waard foarme yn 843 nei it Ferdrach fan Verdun. Keizer Loadewyk de Fromme ferdielde it keizerryk ûnder syn soannen. It Middenryk kaam ta de âldste soan Lotarius I, wylst er ek de keizerstitel krige. Yn syn ryk leine Aken, de residinsje fan syn pake Karel de Grutte en Rome, de residinsje fan de paus en earder de Romeinske keizers. It ryk miste in etnyske en skiedkundige ienheid ta tsjinstelling fan West- en East-Frânsje.
Midden-Frânsje lei dus tusken de keninkriken fan West- en East-Frânsje yn en omfieme it Frankyske stamlân tusken de Ryn en Skelde, de gebieten fan de eardere Fryske en Boergondyske keninkriken (mei útsûndering fan it westlike part fan Boergonje, dat letter it Frânske hartochdom Boergonje waard) en Noard-Itaalje. Nei it ferpartsjen yn 855 by it Ferdrach fan Prüm waard Midden-Frânsje ferdield yn trije keninkriken: Loataringen (neamd nei Lotarius syn soan Lotarius II), Provence en Itaalje.
Talen dy't yn Midden-Frânsje sprutsen waarden, wiene: Frankysk, Aldfrysk, Aldsaksysk, Aldnederlânsk, Aldheechdútsk, Aldfrânsk en Alditaljaansk. It leauwe wie it katolike kristendom en Aldgermaanske heidendom.
Keninkryk Midden-Frânsje Francia media | |
---|---|
0843-855 | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Aken |
offisjele taal | Frankysk Aldnederlânsk Aldheechdútsk Aldsaksysk Aldfrysk Aldfrânsk Alditaljaansk |
steatsfoarm | keninkryk |
ûntstien út | Frankyske Ryk |
opgien yn | Loataringen Keninkryk fan Arles Keninkryk Itaalje |
no diel fan | • Dútslân • Switserlân • Itaalje • Frankryk • Nederlân • Belgje • Lúksemboarch |