Microsoft Windows
Wikimedia-kategory / From Wikipedia, the free encyclopedia
Microsoft Windows is de namme fan de bestjoeringssystemen fan Microsoft foar de personal computer. It waard yn 1985 lansearre en dominearret sûnt de yntroduksje fan Windows 95 yn 1995 de merk foar persoanlike kompjûters. Yn 2004 hie Microsoft 90% fan de persoanlike-kompjûtermerk yn hannen. De oarspronklike beslissing fan Microsoft om de earste ferzje fan Windows te ûntwerpen wie grif sterk beynfloede troch eardere inisjativen fan Xerox en Apple, dy't harren kompjûters al in grafyske brûkeromjouwing joegen.