Mia Khalifa
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mia Khalifa, Arabysk: ميا خليفة, sekuere transliteraasje: Mīa Ḫalīfaẗ, útspr.: ['mi:a xa'li:fa], likernôch: "mii-a cha-lii-fa" (Beirût, 10 febrewaris 1993), echte namme: Sarah Joe Chamoun, is in Libaneesk-Amerikaansk ynternetstjer dy't it bekendst wurden is troch har koarte wurkpaad as neakenmodel en pornografysk aktrise yn 2014 en 2015. Hja stiet ek wol bekend ûnder de artystenamme Mia Callista. Khalifa waard berne yn Libanon, mar emigrearre as bern mei har âlden nei de Feriene Steaten. Har karriêrekar joech in protte opskuor yn it Midden-Easten en mank de Arabyske mienskip yn 'e Feriene Steaten, benammen doe't se ferskate sênes opnaam wêrby't se klaaid wie yn in hidjaab, in stik klean dat ornaris assosjearre wurdt mei de islaam, hoewol't har famylje net islamitysk mar eastersk-katolyk is.
Mia Khalifa | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Mia Callista | |
echte namme | Sarah Joe Chamoun | |
nasjonaliteit | ![]() ![]() | |
berne | 10 febrewaris 1993 | |
berteplak | Beirût (Libanon) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2014 – 2015 | |
offisjele webside | ||
miakhalifa.com |