![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/d1/VenusWillendorf.jpg/640px-VenusWillendorf.jpg&w=640&q=50)
Memmegoadinne
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Memmegoadinne is yn 'e ferlykjende mytology in weromkearend type goadinne yn polyteïstyske religyen. It giet dêrby om in goadinne mei in bân mei de ierde en mei fruchtberens en de memmesteat. Under leken is it byld fan sa'n Memmegoadinne sterk ferweven mei de feministyske Goadinnebeweging, dy't it bestean fan in oarspronklike Memmegoadinne yn matriargale maatskippijen as ûnderbouwing fan in polityk-religieus stânpunt brûkt. Yn akademyske fermiddens wurdt it lykwols tige twifelich achte oft sa'n maatskippij wol ea bestien hat. Nettsjinsteande dat bestiet der yn 'e eardere heidenske godstsjinsten en yn 'e hjoeddeistige natoerreligyen ûnûntstriidber in kategory goadinnen dy't oan 'e skaaimerken fan in Memmegoadinne foldocht en dêrom as sadanich karakterisearre wurde kin.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/d1/VenusWillendorf.jpg/320px-VenusWillendorf.jpg)