Meinoud Rost van Tonningen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Meinoud Marinus Rost van Tonningen (Soerabaja, 19 febrewaris 1894 – Skeveningen, 6 juny 1945) wie in Nederlânsk politikus dy’t as foarman fan it Nederlânske nasjonaal-sosjalisme yn de Twadde Wrâldkriich kollaborearre mei de Dútske besetters. Syn famylje hearde ta it Nederlânske patrisjaat.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/20/Meinoud_Rost_van_Tonningen.jpg/200px-Meinoud_Rost_van_Tonningen.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/1/19/Huwelijksring_mw_rost_van_tonningen.jpg)
By in ferbliuw yn Eastenryk kaam hy yn oanrekking mei de ideeën fan it nasjonaal sosjalisme. Rost van Tonningen waard yn 1936 lid fan de Nederlânske faksistyske partij, de NSB. Hy wie haadredakteur fan it Nasjonale Deiblêd. Hy krige tidens de Dútske besetting fan Nederlân de funksje as sekretaris-generaal fan Finânsjes.