Meidogger:Theun
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ik bin sûnt jannewaris 2005 aktyf op dizze Fryske Wikipedy. It is wol aardich om foar dysels wat rûn te sjen en der in Frysk stikje fan te meitsjen. Ek om myn Frysk skriuwen wat by te slypjen en de Fryske wiki te fergrutsjen. At jo sjogge wêr't it ta liede kin, de ynformaasje dy't op de gruttere wiki's te finen is is eins net foar te stellen, seker net at jo betinke dat it noch mar in pear jier los is. By de Fryske ferzje sil it wol net sa hurd rinne, mar dit begjint er ek al wat op te lykjen.
|