Masoretyske Tekst
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Masoretyske Tekst (gauris 么fkoarte ta MT of 饾暩), is de gesachhawwende Hebriuwske tekst fan 'e Tenach, de joadske Bibel. De Masoretyske Tekst bepaalt net allinne de kanon fan 'e Tenach, mar ek de krekte tekst, op in letter-foar-letterbasis, mei de fokalisaasje en it gebr没k fan diakrityske tekens ynbegrepen.
De Masoretyske Tekst is benammentlik kopi毛arre, redigearre en ferspraat troch in groep joadske skriftlearden dy't bekendsteane as de Masoreten, en dy't wurksum wiene fan 'e s芒nde oant de tsiende iuw. It 芒ldste noch besteande, sij it 没nfolslein oerlevere manuskript fan 'e Masoretyske Tekst is de saneamde Aleppokodeks, 煤t 'e tsiende iuw. It Hebriuwske wurdt mesorah (诪住讜专讛 of 诪住讜专转) ferwiist nei it oerleverjen fan in m没nlinge tradysje, mar yn it ferb芒n fan 'e Masoretyske Tekst wurde der de diakrityske tekens mei bedoeld, w锚rmei't de Masoreten foar it earst sekuer d煤dlik makke hawwe hoe't de taal fan 'e Hebriuwske Bibel (dy't ommers skreaun is yn it Hebriuwske alfabet, dat gjin fokalen werjout) persiis 煤tsprutsen wurde moat.
De Masoretyske Tekst wurdt r没nom br没kt as de basis foar oersettings fan it kristlike Alde Testamint yn protestantske bibels, en s没nt 1943 ek foar guon roomske bibels, hoewol't de eastersk-otterdokse tsjerken foar dat doel f锚sth芒lde oan it gebr没k fan 'e Septuaginta, mei't hja dy as godlik ynspirearre besk么gje. Nei't yn 'e fyftiger jierren de Deade-Seer么len 没ntdutsen waarden, hat bliken dien dat de Masoretyske Tekst op guon plakken frijwol identyk is oan 'e Tenach fan 200 f.Kr., mar dat er op oare plakken g芒ns 么fwykt.