Mary Robinson
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mary Robinson, Ierske namme Máire Bean Mhic Róibín, famkesnamme Mary Bourke (Ballina, 21 maaie 1944) wie fan 1990 oant 1997 de earste frouljuspresidint fan Ierlân. Sy naam ûntslach om Hege Kommissaris foar de Minskerjochten te wurden, in funksje dy't hja oant 2002 útoefenje soe. As presidint waard sy 1997 opfolge troch Mary McAleese; by de Feriene Naasjes waard hja 2002 opfolge troch Sérgio Vieira de Mello.