From Wikipedia, the free encyclopedia
De Martinytsjerke of Martinustsjerke is in tsjerkegebou en ryksmonumint yn Easterein, neamd nei de hillige Sint-Martinus of Sint Merten. De aadlike famyljes Bonnema, Eysinga, Rispens, Tsjaarda, Mylema, de Gavere, Bonga, Donia, Heeringa hawwe har stimpel drukt op it sosjale libben fan Easrein tusken 1500 en 1900. Op de kreake is in soad fan de ferhâlding tusken adel en geastlikheid ôf te lêzen.
Ien fan de âldste polders oan de eardere Middelsee wie it "Eilân fan Easterein ". Op it eastlike part kaam in tsjerkje mei it koardiel nei Jeruzalim troch it opheegjen mei klaaigrûn. Ein 11e iuw waard by dit tsjerkje in stins boud. Yn de 14e iuw is de hjoeddeiske tsjerke mei toer boud. De parochy Easterein is boud mei help fan in tal omlizzende kleasters, benammen dy fan de haadtsjerke yn Boalsert. Letter waard de Eastereinder tsjerke sels haadtsjerke. Nei de Reformaasje bleau de tsjerke yntakt al hawwe der sûnttiids meardere restauraasjes west. Mids 19e iuw is de tsjerke ynrjochte as herfoarme steatstsjerke.
Yn de toer hingje twa liedklokken, ien fan Steven Butendiic út 1468 en ien fan Jacob Noteman út 1645. It ynterieur hat in 19e iuwske wytferve preekstoel en fjouwer 17e iuwske hearebanken. It oargel is fan 1870 en is makke troch oargelbouwer Willem Hardorff.
De skiednis fan de tsjerke is yn boekfoarm (480 s.) ferskynt en yn de tsjerke te besetten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.