From Wikipedia, the free encyclopedia
De Marksburg is in kastiel by Braubach yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Fan 'e 40 kastielen oan 'e Middenryn is de Marksburg it iennige kastiel dat nea ferneatige is. De Middenryn stiet sûnt 2002 op de UNESCO-list fan it wrâlderfgoed.
Marksburg | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
kring | Rhein-Lahn | |
plak | Braubach | |
koördinaten | 50° 16' N 7° 38' E | |
Skiednis | ||
stiftingsjier | 1100-15e iuw | |
boujier | 12e iuw | |
hjoeddeiske steat | folslein bewarre | |
Oars | ||
type | hichteboarch | |
tagonklikens | iepen foar publyk | |
bysûnderheden | UNESCO-wrâlderfgoed | |
Webside | ||
www.marksburg.de | ||
Kaart | ||
De famylje Eppstein sette yn 1100 útein mei de bou fan in stiennen wentoer, dy't om 1117 hinne útwreide waard ta in kastiel om Braubach te ferdigenjen. It kastiel wurdt yn 1231 foar it earst yn dokuminten neamd. De Eppsteins wiene machtich en leveren ferskillende aartsbiskoppen oan 'e bisdommen Mainz en Trier. Yn 1283 kocht greve Eberhard fan Katzenelnbogen it kastiel en yn 'e 14e en 15e iuw waard it kastiel op 'e nij boud en ferboud. Yn 1429 stoar de manlike liny fan 'e greven fan Katzenelnbogen út en de nije eigner waard de greve fan Hessen, dy't it kastiel útwreide en de ferdigening ferbettere mei de oanlis fan in nije ringmuorre en rûne tuorren om it kastiel.
Yn 'e Frânske tiid wie de Marksburg in fêsting, mar yn 'e praktyk tsjinne dy as finzenis en plak dêr't beheinden yn waarden ûnderbrocht. De sellen foar de finzenen yn 'e boarch waarden yn 1901 útbrutsen. De boarch kaam yn 1803 yn hannen fan it foarstendom Nassau-Usingen en yn 1815 fan it Hartochdom Nassau en der feroare fierder ynearsten neat oan it gebrûk. Nei de Eastenryksk-Prusyske kriich fan 1866 waard it hartochdom Nassau ûnderdiel fan Prusen, dy't eigner waard fan 'e Marksburg.
Yn 1900 waard it kastiel lang om let foar 1000 goudmarken ferkocht oan 'e 'Deutsche Burgenvereinigung', dy't in jier earder stifte wie om de Dútske kastielen foar it neiteam te bewarjen.
Amerikaanske besjittings yn maart 1945 soargen foar grutte skea oan it kastiel. De restauraasje fan 'e skea duorre oant 1980.
Sûnt 1931 is yn 'e Marksburg it haadkantoar fan dy organisaasje ûnderbrocht.
It kastiel waard yn de jierren 1990 op it Japanske eilân Miyakojima yn it Dútske kultuerdoarp Ueno neiboud nei't it oarspronklike plan om de oername, ôfbraak en weropbou fan de oarspronklike boarch ôfwiisd wie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.