Marinestasjon Pearl Harbor
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Marinestasjon Pearl Harbor (Ingelsk: Naval Station Pearl Harbor) wie in militêre basis fan 'e Amerikaanske Marine oan 'e súdlike kust fan it eilân Oähû yn 'e Amerikaanske steat Hawaï. De basis omfieme it grutste part fan 'e lagune Pearl Harbor, en lei deun bewesten de Hawaïaanske haadstêd Honolulu. It Marinestasjon Pearl Harbor waard op papier yn 1899 stifte, hoewol't it yn 'e praktyk pas jierren letter yn gebrûk nommen waard. It rekke wrâldbekend troch de Japanske Oanfal op Pearl Harbor, wêrby't op 7 desimber 1941 troch in ferrassingsbombardemint in grut part fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float útskeakele waard, wat de Feriene Steaten by de Twadde Wrâldoarloch beloek. Yn 2010 gie it Marinestasjon Pearl Harbor mei de oanbuorjende Loftmachtbasis Hickam op yn 'e Mienskiplike Basis Pearl Harbor-Hickam.
Marinestasjon Pearl Harbor Naval Station Pearl Harbor | ||
![]() | ||
In loftfoto fan it Marinestasjon Pearl Harbor, mei yn 'e midden Ford Island. | ||
algemiene ynformaasje | ||
type basis | marinebasis | |
besit fan | ![]() | |
stifting | 1899 | |
sluting | 2010 | |
geografy | ||
lân | ![]() | |
steat | ![]() | |
county | ![]() | |
oerflak basis | 5.304 ha | |
hichte | 1-6 m | |
koördinaten | 21°21′50″ N 157°57′37″ W | |
neiste plak | Pearl City (Hawaï) | |
oar | ||
tiidsône | UTC –10 | |
simmertiid | gjint | |
webside | www.cnic.navy.mil... | |
kaart | ||
Lokaasje yn Hawaï.
|