Marc Chagall Museum
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Marc Chagall Museum (Wytrussysk: Віцебскі музей Марка Шагала) is in oan de skilder Marc Chagall wijd museum. It is fêstige yn syn âldershûs yn Vitebsk, Wyt-Ruslân, dêr't de skilder berne waard. It museum is it meast besochte museum fan de stêd.
De heit fan de skilder boude it ienfâldige hûs oan de Pokrovskaja-strjitte yn it begjin fan 'e 20e ieu en Marc Chagall waard dêr grutbrocht. Chagall fertelt oer dy tiid yn 'e autobiografy "Myn Libben".
Yn 1992 waard it museum iepene. Yn it museum is in útstalling fan guod út de tiid, doe't de famylje dêr wenne. Dêrnjonken binne der ek kopyen fan argyfdokuminten oangeande it libben fan 'e keunstner en syn famylje yn Vitebsk en wurk fan Chagall.