![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/1c/Dolichotis_patagonum_-Temaiken_Zoo-8b-1c.jpg/640px-Dolichotis_patagonum_-Temaiken_Zoo-8b-1c.jpg&w=640&q=50)
Mara (sûchdier)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De mara (Latynske namme: Dolichotis patagonum), ek wol Patagoanyske mara neamd ta ûnderskie fan syn famyljelid de lytse mara (Dolichotis salinicola), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae) en it skaai fan 'e mara's of Pampahazzen (Dolichotis). Dit bist komt allinnich mar foar yn Argentynje, en liket hast wol in krusing te wêzen tusken in hazze en in lytse antilope; yn wurklikheid is de mara lykwols frij nau besibbe oan 'e kavia. Syn neiste sibbe, de lytse mara, is lytser fan stal en libbet noardliker.
Fluch de feiten taksonomy, soarte ...
mara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Dolichotis patagonum | ||||||||||||
Zimmermann, 1780 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
Slute