Hânskrift (dokumint)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Skrift of hânskrift is in sammelnamme foar dokuminten dy’t mei de hân skreaun binne. Dat kinne dokuminten wêze dy’t (fier) fóár de útfining fan de boekprintkeunst skreaun binne, dokuminten dy’t skreaun binne by en koart nei de útfining fan de boekprintkeunst, en dokuminten dy’t nettsjinsteande de oerhearskjende posysje fan printe wurken dochs mei de hân skreaun waarden. It materiaal dêr’t de tekst op skreaun is, hjit de drager. Yn it gefal fan hânskriften is dat benammen papyrus. Hânskriften binne der yn ferskate formaten: boek (codex), rôle of ek losse fellen.