Malaysia Airlines-flecht 17
From Wikipedia, the free encyclopedia
Malaysia Airlines-flecht 17, better bekend as MH17, wie in fêste fleanferbining yn 'e boargerloftfeart fan Amsterdam (Skiphol) nei de Maleizyske haadstêd Kuala Lumpur. Op 17 july 2014 stoarte in Boeing 777 fan 'e Maleizyske loftfeartmaatskippij Malaysia Airlines del by it doarp Hrabove, yn 'e eastlike Oekraïne, yn in gebiet dêr't op dat stuit in pro-Russyske opstân geande wie. Oan board wiene 298 minsken, wêrûnder 196 mei de Nederlânske nasjonaliteit. Der wiene gjin oerlibbenen. Troch de oarlochssitewaasje yn it gebiet ferrûn it bergjen fan 'e stoflike omskotten fan 'e slachtoffers en it ûndersyk op 'e crashsite tige muoisum. De oarsaak fan 'e fleanramp wie nei alle gedachten in besjitting troch pro-Russyske rebellen, dy't it passazjierstastel oanseagen foar in transporfleantúch fan it Oekraynske leger.
Malaysia Airlines-flecht 17 | ||
It belutsen fleantúch, fotografearre yn 2010. | ||
bysûnderheden | ||
type ramp | fleanramp | |
oarsaak | delsketten | |
datum | 17 july 2014 | |
tiid | 16.18 oere (EEST) | |
lân | de Oekraïne | |
provinsje | Donjetsk | |
plak | Hrabove | |
statistiken | ||
deaden | 298 | |
ferwûnen | 0 | |
net-ferwûnen | 0 | |
lokaasje | ||
Lokaasje fan 'e fleanramp yn 'e Oekraïne.
|