Maksim Gorki
From Wikipedia, the free encyclopedia
Maksim Gorki (stavering wikselet) (Russysk: Максим Горький) skûlnamme fan Aleksej Maksimovitsj Pesjkov (Russysk: Алексе́й Макси́мович Пе́шков) (Nizjni Novgorod, 28 maart [O.T.: 16 maart] 1868 – Moskou, 18 juny 1936) wie in Russyske roman- en toanielskriuwer, waans komplekse libben en wurk gearfalle mei de Russyske Revolúsje. Yn syn hiele oeuvre spilet it dûbbele tema fan de ferachting foar de minske sa't er wier is en earbied foar wat de minske wêze kinne koe. (Fan guon minsken, bygelyks syn beppe yn 'Bernejierren', makke er in leafdefol portret.) Dêrneist spilet syn polityke ferwevenheid mei it kommunisme in grutte rol. Yn it Westen is him wol it ferwyt makke dat er syn keunstnerssiel oan it kommunisme ferkocht hat.
De skûlnamme betsjut: 'Maksim de Bittere'.
Yn 1935 waard hy haad fan it Russysk Skriuwersbûn. Dêrmei wie hy in machtich man en beskermeling fan Stalin. Gorki formulearre yn syn taspraak op het earste kongres fan Sovjetskriuwers yn 1935 de artistike doktrine fan it sosjalistysk realisme.
By syn wichtichste wurk hearre Мать ('De mem', 1907) en syn autobiografysk wurken Детство ('Bernejierren', 1913/1914), В людях ('Under de minsken', 1915/1916) en Мои университеты ('Myn universiteiten', 1923), dy't in goed byld jouwe fan it Russyske libben fan foar de Oktoberrevolúsje en de oanrin dêrta).
In hiele protte fan syn wurk is yn Ruslân ferfilme, mar ek yn bygelyks Spanje, Dútslân en Sweden.
Asteroide 2768 Gorky, is neamd nei de skriuwer.