Majorka
From Wikipedia, the free encyclopedia
Majorka (Spaansk: Mallorca, útspr.: [ma'ʎorka]; Katalaansk: Mallorca, útspr.: [mə'ʎɔrkə]) is in Spaansk eilân yn it Westlike Bekken fan 'e Middellânske See en it grutste eilân fan 'e arsjipel fan 'e Baleären. De haadstêd en grutste stêd fan it eilân, Palma de Mallorca, is ek de haadstêd fan 'e autonome mienskip fan 'e Baleären. Bestjoerlik foarmet Majorka in regio of eilânrie binnen de Baleären, mei in eigen flagge en folksliet (La Balanguera). It eilân is om utens benammen bekend as fakânsjebestimming foar toeristen út noardlik Jeropa.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Majorka Spaansk en Katalaansk:Mallorca | |
---|---|
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
De lokaasje fan Majorka yn 'e Baleären. | |
algemien | |
gebietsdiel fan | Spanje ● de Baleären |
pol. status | regio ("eilânrie") |
haadstêd | Palma de Mallorca |
offisjele taal | Spaansk en Katalaansk |
ynwennertal | 869.067 (2010) |
befolkingstichtens | 238,8 / km² |
oerflak | 3.640,1 km² |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC+1 (WJT) |
webside | www.conselldemallorca.net |
Slute