From Wikipedia, the free encyclopedia
Madurodam is in Miniatuerpark yn De Haach yn Súd-Hollân op in skaal fan 1 op 25.
Madurodam | ||
ferdivedaasjepark | ||
Madurodam (2005) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
Gemeente | De Haach | |
plak | De Haach | |
adres | George Maduroplein | |
koördinaten | 52° 5' NB, 4° 17' EL | |
bysûnderheden | ||
type | Miniatuerpark | |
iepen | 1952 | |
oerflak | 62.630 m² | |
skiednis | ||
iepening | 2 july 1952 | |
gebou | ||
boujier | 1952 | |
offisjele webside | ||
webstee Madurodam | ||
kaart | ||
Madurodam waard betocht troch Bep Boon-van der Starp, mei it yn 1929 iepene miniatuerstedsje Bekonscot Model Village, yn it Ingelske Beaconsfield as foarbyld. Sy wie lid fan de Ried fan Bystân fan de "Stichting Nederlands Studenten Sanatorium". Dizze stifting stelde Nederlânske studinten dy't oan tuberkuloaze lijden by steat in kuer te ûndergean en te studearjen. Troch in miniatuerstedsje bouwe te litten hope frou Boon-van der Starp bliuwend ynkomsten foar de stifting te krijen.
Doe't sy de âlden fan George Maduro moete, skonken dy it begjinkapitaal foar it projekt. George Maduro wie in Kurasaoske studint dy 't har yn de maaiedagen fan 1940 as kavaleryofsier yn de slach om de residinsje ûnderskiede, en yn febrewaris 1945 yn konsintraasjekamp Dachau stoar. Sûnt 1993 is yn Madurodam in skaalmodel fan it út 1895 datearjende bertehûs fan Maduro op Kurasao te sjen.
It stêdeboukundich ûntwerp is fan de Grinzer arsjitekt Siebe Jan Bouma, doetiids direkteur fan it Suderseemuseum yn Inkhuzen. Yn it midden fan de tachtiger jierren waard in nije wyk ûntwurpen troch arsjitekt Carel Weeber. Begjin jierren njoggentich waard it grûngebiet fan Madurodam útwreide en koe de nije wyk oanlein wurde. Der kaam doe mear romte foar grutte objekten lykas Skiphol en de Rotterdamske haven. Yn de winter fan 2011 en 2012, is de opset fan it yn 2012 sechstich jier besteande Madurodam fernijd. De makettes waarden doe yndield yn trije temagebieten; wetter, stêden en Nederlânske ynnovaasjes yn plak fan de eardere wiken.
Alle makettes en skaalmodellen yn it stedsje wurde troch Madurodam sels makke yn it eigen atelier. De gebouwen waarden ynearsten mei de hân fan hout makke. Der wurde no benammen keunststoffen brûkt, dy 't meastentiids ferwurke wurde mei help fan kompjûterstjoerde freesmasines. Foar bewegende modellen wurdt messing tapast. De gebouwen dy 't it hiele jier yn waar en wyn stean krije om de pear jier grut ûnderhâld of wurde hielendal fernijd.
Yn Madurodam binne sa 'n 5000 beammen yn miniatuer te sjen dy 't yn it echt metersheech wurde. Brûkte beamsoarten binne û.o. eskdoarns, bûken, ipen en iken en fierder: liguster, tamarix, prunus, linebeam en sniebal. Dat binne libbene beammen fan gongbere beamsoarten dy 't troch yntinsyf snoeien lyts holden wurde, mar wol yn in natuerlike foarm bysnoeid wurde.
It yn 2003 fernijde kompleks fan de Lofthaven Skiphol is it grutste model en leit yn it middelpunt fan Madurodam. It omfettet ûnder oare it lofthavengebou mei Skiphol Plaza, pieren, ferkearstorens, platfoarm mei fleantugen fan ferskate loftfeartmaatskippijen.
De modelspoarbaan fan Madurodam is mei in lingte fan likernôch fjouwer kilometer de grutste modelbaan op dizze skaal op 'e wrâld. De spoarwiidte wie oarspronklik 56 mm (by in skaal 1:25 sawat oerienkommend mei normaalspoar), letter is dy wat minder wurden. De spoarline is feitlik in inkeldspoarige lus, dy't mei ferskate kronkelingen, foar in part as dûbeldspoarige line, troch it lânskip kronkelet. De haadline is alhiel elektrifisearre mei 2.000 boppeliedingportalen yn de styl fan de fyftiger jierren. De boppeliedingspanning is 30 volt. Dêrneist binne der inkelde koarte pindellyntsjes sûnder boppelieding dy't los stean fan de haadline.
Yn it spoarnet lizze fjouwer stasjons en njoggen brêgen. Yn de wurkpleats leit in opstelterrein mei acht spoaren. De (haad)baan is ferdield yn 33 blokken. Hjirop kinne maksimaal tolve treinen tagelyk ride. Op plakken dêr't diken de haadline kruse binne echt wurkjende miniatuerspoarweioergongen te sjen mei slachbeamen dy't tichtgean sadree't der in trein delkomt.
Op 12 july 2007 waard yn Madurodam it takomstige Stasjon Utert Sintraal ûntbleate. Dit wie it earste gebou dat al yn Madurodam te sjen wie foar it yn it echt boud wie. It echte gebou wie klear yn 2016. Sûnt oktober 2009 hat Madurodam ek in miniatuerferzje fan de HSL-Súd. Underdiel fan dizze 150 meter lange line is in 20 meter lang model fan de "Tredde Moerdykbrêge". Oare grutte spoarbrêgen dy't yn de spoarbaan fan Madurodam lizze binne ûnder oare "De Hef" te Rotterdam, de "Swyndrechtkse Brêge" en inkelde fakwurkbrêgen.
Fan it begjin ôf wie der ek in trambaan dy 't fan it doarpke Starpenheuvel en it Vredespaleis nei de Ambachtsskoalle rûn. Dizze line is opbrutsen en ferfongen troch twa koarte ringlyntsjes, yn in histoaryske stedswyk en yn in moderne wyk.
Alle treinen yn Madurodam binne mei de hân makke fan messing en polyester. Yn Madurodam hawwe yn 'e rin fan 'e jierren in soad treintypen riden. Fan it noch ridende materieel binne der ek typen dy 't yn de werklikheid net mear yn tsjinst binne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.