Madrid
From Wikipedia, the free encyclopedia
Madrid is de haadstêd en grutste stêd fan Spanje. De stêd leit yn de midden fan it lân, op de Spaanske Heechflakte. It is de op twa nei grutste stêd fan de Jeropeeske Uny en jildt as in offisjele wrâldstêd. Madrid is ek de haadstêd fan de Spaanske regio mei deselde namme Madrid.
Madrid | ||
Polityk | ||
Lân | Spanje | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.215.633 (2013) | |
Oerflak | 605.77 km² | |
Befolkingsticht. | 5.390 km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 40° 24' N, 3° 41' E | |
Offisjele webside | ||
www.madrid.es |
- Dizze side giet oer de haadstêd fan Spanje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Madrid (betsjuttingsside).
Troch de sintrale lizzing fan de stêd, de skiednis, politike en finansjele funksjes wurdt Madrid beskôge as de wichtichste stêd fan it Ibearysk Skiereilân. De stêd hat in ynwennertal fan 3.228.359 en mei de stêdekloft derom hinne wenje der mear as 6 miljoen minsken. De ynwenners fan de stêd wurde yn it Spaansk “Madrileños” neamd. Nettsjinsteande it feit dat de stêd as in wrâldstêd sjoen wurde kin en in tige drok ferkearsnet hat, hawwe de measte wiken fan de stêd harren oarspronklike sfear diels behâlde kind.
Wichtige nijsgjirrichheden yn Madrid binne it Palacio Real, oftewol it keninklik Paleis, it Retiropark, it archeologysk museum, en trije ynternasjonaal ferneamde keunstmusea: it Museo del Prado, it Museo Nacional Centro de Arte Reina Sofía en it Museo Thyssen-Bornemisza. De hjoeddeiske boargemaster fan de stêd is Manuela Carmena fan de politike partij Ahora Madrid.