![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/4/46/Flag_of_Tasmania.svg/langfy-640px-Flag_of_Tasmania.svg.png&w=640&q=50)
Macquarie (eilân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Macquarie (Ingelsk: Macquarie Island) is in eilân op 'e grins fan 'e Stille Oseaan en de Súdlike Oseaan, dat likernôch healwei Nij-Seelân en Antarktika leit, op 54°30′ suderbreedte by 158°57′ easterlingte, dêr't twa tektoanyske platen inoar reitsje. Bestjoerlik falt it ûnder de Australyske steat Tasmaanje, al leit de Tasmaanske kust mear as 1.500 km nei it noardwesten. Macquarie hat gjin permaninte bewenners, mar sûnt 1948 ûnderhâldt de Australyske Antarktyske Difyzje in basis op it eilân, wêrfan't de besetting fariëarret tusken de 20 en 40 minsken. Macquarie hat in oerflak fan 128 km², en mjit 34 km fan noard nei súd, en 5 km fan west nei east. Sûnt 1978 is it in Tasmaansk steatsnatoerreservaat en sûnt 1997 stiet it op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO.
Macquarie Macquarie Island | |
---|---|
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
Latyn: Ubertas et fidelitas ("Fruchtberens en trou") Macquarie, dat ûnbewenne is, fiert de flagge, it wapen en it biedwurd fan Tasmaanje. | |
geografyske lokaasje | |
![]() | |
algemien | |
gebietsdiel fan | ![]() ● ![]() |
pol. status | territoarium ûnder steatsbestjoer |
haadstêd | n.f.t. |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | ― (ûnbewenne) |
befolkingstichtens | 0 / km² |
oerflak | 128 km² |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | n.f.t. |
tiidsône | UTC+11 |
tillefoan | n.f.t. |
ynternetekstinsje | n.f.t. |
webside | n.f.t. |