![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/9c/Mackinac_Bridge.jpg/640px-Mackinac_Bridge.jpg&w=640&q=50)
Mackinac Brêge
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Mackinac Brêge (Ingelsk: Mackinac Bridge; útspr.: ['mækɪnɔ: bɹɪʤ], likernôch: "mekkinnô bridzj") is in brêge yn 'e Amerikaanske steat Michigan, yn it gebiet fan 'e Grutte Marren. It is in 8.038 m lange hingbrêge, dy't oer de Strjitte fan Mackinac hinne giet en de beide dielen fan 'e steat, Opper-Michigan yn it noarden en Neder-Michigan yn it suden, mei-inoar ferbynt. Oan 'e noardlike útein fan 'e brêge leit de stêd St. Ignace, en oan 'e súdlike útein Mackinaw City. De Mackinac Brêge stiet wol bekend as Big Mac of Mighty Mac, en is de op fyftjin nei langste hingbrêge fan 'e wrâld.
Fluch de feiten
Mackinac Brêge Mackinac Bridge | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
steat | ![]() | |
plak | St. Ignace – Mackinaw City | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | brêge | |
subtype | hingbrêge | |
boujier | 1954-1957 | |
yngenieur | David B. Steinman | |
oerbrêget | Strjitte fan Mackinac | |
wei of spoar | Interstate 75 | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 168 m (tuorren) 61 m (weidek) | |
lingte | 8.038 m | |
breedte | 20,9 m (totaal) 16,0 m (wei) | |
kosten | $100 miljoen | |
kaart | ||
Lokaasje yn Michigan.
|
Slute