Lytse Sûnda-eilannen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Lytse Sûnda-eilannen (of Nusa Tenggara) is in eilannegroep yn Súdeast-Aazje. Mei de Grutte Sûnda-eilannen foarmje sy de Sûnda-eilannen. De eilannekloft is ûnderdiel fan de Sûndabôge en meast fan fulkanyske oarsprong.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/6/65/NusaTenggara.png/320px-NusaTenggara.png)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/4/4e/Oost-NussaTenggara.png/320px-Oost-NussaTenggara.png)
De eilannen lizze eastlik fan Java en omfiemje de Yndonezyske provinsjes Bali, West-Nusa Tenggara en East-Nusa Tenggara en dêrneis de ûnôfhinklike steat East-Timor. Der wenje likernôch 12 miljoen minsken op in oerflak fan 87.700 km².
De neikommende eilannen binne part fan de Lytse Sûnda-eilannen:
|
|