Lykklaad fan Turyn
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Lykklaad fan Turyn (Italjaansk: Sindone di Torino of Sacra Sindone) is in stik bierguod fan linnense stof dat it negatyfbyld fan it lichem fan in man draacht. In soad fromme kristenen leauwe dat dy man Jezus fan Nazaret is en dat it stik bierguod it lykklaad is dêr't hy yn bewuolle waard nei syn dea oan it krús. It wurdt bewarre yn 'e Kapel fan it Hillich Lykklaad, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Katedraal fan 'e Hillige Jehannes de Doper yn Turyn, yn noardlik Itaalje. It wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste relikwyen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en as sadanich mei grutte earbied behannele. Histoarysk en wittenskiplik ûndersyk wiist der lykwols frijwol ûnûntstriidber op dat it in Midsiuwske ferfalsking is, dy't datearret út 'e perioade tusken 1260 en 1390. Wol is it noch altyd ûndúdlik hoe't de ôfbylding fan 'e man yn 'e stof fan it klaad kommen is te stean, al binne dêrfoar in grut tal metoaden foarsteld.