Lombardije
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lombardije (Italjaansk: Lombardia, fan it Germaanske folk de Lombarden, Lombardynsk: Lumbardia), is in regio yn Noard-Itaalje, oprjochte yn 1859. De regio rint fan de Sintrale Alpen yn it noarden oant de rivier de Po yn it suden. Yn it westen wurdt Lombardije begrinze troch it Lago Maggiore en de rivier Ticino, yn it easten troch de Gardamar en de rivier de Minsio. Lombardije wurdt fierders temidden Switserlân, en de regio's Trentino-Súd-Tirol, Feneto, Emilia-Romagna en Piëmont.
Fluch de feiten Flagge, Wapen ...
Lombardije | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Milaan |
Oerflakte | 23.861 |
Befolking | 9.426.354 |
Befolkingstichtens | 395 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Pizzo Bernina 4050 meter |
Oantal gemeenten | 1546 |
Provinsjes | Bergamo, Brescia, Como, Cremona, Lecco, Lodi, Mantua, Milaan, Monza, Pavia, Sondrio, Varese |
Slute
Fan alle Italjaanske regio's hat Lombardije it grutste tal ynwenners en is ekonomysk fan grut belang.