Liverpool (Ingelân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Liverpool is in stêd (city) en in distrikt fan it greefskip Merseyside yn it noardwesten fan Ingelân, oan de noardigge fan de rivier de Mersey. De stêd leit yn it fierste súdwesten fan it greefskip Lancashire. Liverpool waard stifte as in borough yn 1207 yn Lancashire en krige har stedsrjochten yn 1880. Yn 2009 hie Liverpool sa'n 440.000 ynwenners (dy't scousers neamd wurde, nei in soarte stamppot); yn Liverpool Urban Area wennen doe likernôch 816.216 minsken.
Liverpool | ||
Fan lofts boppe, mei de klok mei: de Cavern Club, de Three Graces of the Pier Head (it Liver Building, Cunard Building en Port of Liverpool Building), silhûet fan Liverpool's sakedistrikt, it Albert Dock en St George's Hall | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | Noard West Ingelân | |
Greefskip | Merseyside | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 470.537 (2014) | |
Oerflak | 111,8 km² | |
Befolkingsticht. | 4.230 / km² | |
Stêdekloft | 2.241.000(2014) | |
Hichte | 70 m | |
Oar | ||
Stifting | 1207 | |
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Simmertiid | Britske Simmertiid (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
(in) Offisjele webside |
Yn de 18e iuw groeide de havenstêd enoarm troch de hannen nei it Karibysk gebiet, Ierlân en it fêstelân fan Europa, mar ek de Trans-Atlantyske slavehannel befoardere de ekonomyske groei. Tsjin de 19e iuw gie goed 40 prosint fan de wrâldhannel oer de haven fan Liverpool.
Hjoededei is de havenfunksje fan de stêd foar it grutstepart ferfallen en is de toeristesektor mei troch de eksponinten fan de Merseybeat, dêr't de The Beatles en Gerry & the Pacemakers by hearre. Liverpool húsmanje ek twa fan de fuotbalklubs út de Ingelske Premier League, Everton FC en Liverpool FC en is it warenhûs Woolworths in Liverpool opset. Yn 2004 kaam it havengebiet en in part fan de binnenstêd fan Liverpool op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO. Yn 2007 fierde de stêd har 800e jierdei en yn 2008 wie de stêd (tegearre mei it Noarske Stavanger) de Kulturele Haadstêd fan Europa.
Liverpool hat teffens de âldste Swart-Afrikaanske mienskip fan it lân en de âldste Sineeske mienskip yn Europa.