List fan religyen
Wikimedia-list / From Wikipedia, the free encyclopedia
Dit is in list fan religyen. Dizze list is ûnfolslein, om't der wrâldwiid nei skatting sa'n 10.000 ferskillende religyen besteane. Der binne ûnderskate yndielings foar religyen, mar dizze list brûkt de wittenskiplike klassifikaasje dy't it gongberst is yn 'e ferlykjende godstsjinstwittenskip. Dy klassifikaasje falt útinoar yn trije grutte groepen: de wrâldreligyen, de lânseigen religyen en de nije religieuze bewegings. In dagger (†) efter de namme fan 'e religy wol sizze dat dy religy gjin oanhingers mear hat.