It minsklik lichem bestiet út in protte organen, lichemsdielen dy't allegearre funksjes hawwe. De stúdzje dy't har dwaande hâldt mei de bou fan de organen hjit anatomy.
Lichemsdielen binne de: Holle, lea, earm (mei de hannen en fingers) en skonken (mei de fuotten en teannen).
It lichem befettet:
- in skelet besteande út bonken.
- spieren, wêrûnder it middenruft (diafragma)
- bloedrin:
- hert (cor)
- bloedfetten:
- slachieren (arteriae), ieren (venae) en hierfetten (kapilêren)
- it bloed, mei dêryn ûnder oaren:
- wite bloedsellen (leukositen}
- reade bloedsellen (erytrositen)
- bloedplaatsjes
- milt
- it senuwstelsel, dêr't by hearre:
- de spiisfertarringsorganen, dêr't ta rekkene wurde:
- Mûle; mei
- Kiel
- Slokterm (oesopaghus)
- Mage
- termen, ûnderferdield yn
- Termfinger (duodenum)
- Lytse term
- Grutte term (colon)
- Einterm (rectum)
- Anus
- foar it útskieden fan oerstallige stoffen en ôffalstoffen soargje de:
- in soad hormoanen en oare stoffen wurde produsearre troch de klieren, wêrûnder:
- lever (hepar)
- alfleisklier (pancreas)
- bynieren
- lymfeklieren
- hypofyze
- boarst (mamma) (by froulju)
- prostaat (by manlju)
- testikels (by manlju)
- skyldklier
- parathyroiden
- Swederik (thymus)
- fuortplantingsorganen:
- froulike:
- skamlippen (labiae)
- fagina
- limoer (uterus)
- aaistokken (ovariae)
- manlike:
- penis (mei de ikel (glans penis) en it skroatum)
- siedballen (testes).
- De sintugen, wurde foarme troch:
- it gesichtsfermogen (visus), dêr't de eagen (os) brûkt wurde, mei:
- iris, netflues (retina) , eachlins
- it gehoar, yn it slakkehûs
- taastorgaan, benammen yn de hûd
- it rookorgaan, yn de noasholte
- smaak, op de tonge
- Sawat it hiele lichem wurdt bedekt mei hûd, dêr't hier op sit.
Elk orgaan is opboud út in oantal weefsels.