List fan keizers fan it Byzantynske Ryk
Wikimedia-list / From Wikipedia, the free encyclopedia
It Byzantynske Ryk is in fuortsetting fan it eastlike diel fan it Romeinske Ryk nei de fal fan it westlik diel yn 476. De splitsing fan it Romeinske Ryk begjint at Diokletianus yn 284 it Keizerryk yn in Westlik en Eastlik diel ferdielt foar bestjoerlike doeleinen. In djippere splitsing tusken East en West bart sûnt 364. De echte oanset foar it Byzantyske Ryk komt fan Konstantyn de Grutte dy't de haadstêd yn 330 fan Rome ferpleatst nei de Grykske stêd Byzantsium oan de Bosporus, it lettere Konstantinopel. De splitsing wie foarfêst yn 395 doe't de lêste keizer dy't oer it ûnferdielde ryk hearske stoar. Foar de list keizers sûnt it begjin fan it keizerryk oant de fal fan it westlike gedielte, sjoch Keizers fan Rome.