Lillian Gish
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lillian Gish, berne as Lillian Diana Gish (Springfield (Ohio), 14 oktober 1893 - New York, 27 febrewaris 1993) wie in Amerikaansk aktrise. Se wie benammen bekend yn de tiid fan de stomme film.
Lillian Gish | ||
akteur | ||
Lillian Gish (1921) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Lillian Diana Gish | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 oktober 1893 | |
berteplak | Springfield | |
stoarn | 27 febrewaris 1993 | |
stjerplak | New York | |
jierren aktyf | 1902 - 1988 |
Lillian waard berne yn Springfield en wie de âldere suster fan de aktrise Dorothy Gish. Lillian begûn te aktearjen foar it jild neidat har man James Leigh Gish har ferlitten hie. Se wie befreone mei Mary Pickford, dy't har yn 'e kunde brocht mei D.W. Griffith. Hy bea Gish in kontrakt oan by Biograph Studios yn 1912; sy spile dêrnei yn hast al syn films. Ek hat suster Dorothy krige in kontrakt.
Lillian waard al gau in superstjer en krige de bynamme The First Lady of the Silent Screen. Doe't de lûdsfilm opkaam, waard se minder populêr en gie wer it teäter yn. Dochs stoppe se net mei it aktearjen yn films.
Ein jierren '40 gie se werom nei Hollywood en krige yn 1946 al in oscarnominaasje. Yn 1971 wûn se in Academy Award. Har lêste film, The Whales of August, dêr't se yn optrede mei de oare bejierre stjerren Bette Davis en Vincent Price, waard yn 1987 útbrocht, doe't se al 93 jie âld wie.
Lillian Gish stoarr oan hertfalen yn 1993.