Ligatuer
From Wikipedia, the free encyclopedia
In ligatuer (fan it Latynske ligatus, it mulwurd fan ligare, dat "bine" betsjut) is in skriftteken dat foarme wurdt troch twa of mear letters yn ien foarm te skriuwen of te printsjen. Yn 'e regel wurdt in ligatuer brûkt foar twa tekens dy't inoar oars yn it paad sitte soene, bygelyks de oerhingjende f folge fan in stokletter lykas de b, f, l, k, h. De reden foar it brûken is meast estetysk of technysk. Inkeldris wurdt ûnderskied makke tusken ligaminten en ligatueren, wêrby't ligatueren nije letters binne dy't út twa oare letters ûntstien binne, lykas de w en de ß, en ligaminten 'opsierde' foarmen binne, lykas de f+i = fi. In digraaf is in kombinaasje fan twa lettertekens dy't yn 'e útspraak ien inkeld lûd fertsjintwurdiget. Sokke digrafen kinne har ûntjaan ta (oaninoar skreaune) ligatueren, mar dat hoecht net. It begryp 'digraaf' ferwiist benammen nei de útspraak, wylst de term 'ligatuer' op 'e skriuwwize tsjut.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/8/83/Ligatuerfisk.png)
Ligatueren ûntstiene op natuerlike wize yn hânskriften, en bleaune yn gebrûk doe't der út lead set waard. De oerhingjende leadletter koe by beskate letters net goed genôch oanslute. By it fêstsetten fan sok setsel rekken de letters skansearre en brieken. Om dat foar te kommen waard yn foarkommende gefallen in ligatuer brûkt. Yn lead is ek de kombinaasje fi of fj nedich, om't de punt boppe de i en de j mei de oerhingjende f of f (lange s) konfliktearret.