![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/38/Map_-_NL_-_Sneek_-_Wijk_00_Sneek_-_Buurt_15_Lemmerweg-West.svg/langfy-640px-Map_-_NL_-_Sneek_-_Wijk_00_Sneek_-_Buurt_15_Lemmerweg-West.svg.png&w=640&q=50)
Lemsterwei-West
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lemsterwei-West is in wenwyk binnen de stêd Snits. De wykk telt (yn 2008) 2370 ynwenners en hat in oerflakte fan 51 hektare (wêrfan 3 hektare wetter).
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/38/Map_-_NL_-_Sneek_-_Wijk_00_Sneek_-_Buurt_15_Lemmerweg-West.svg/320px-Map_-_NL_-_Sneek_-_Wijk_00_Sneek_-_Buurt_15_Lemmerweg-West.svg.png)
De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk Poarte fan Snits, yn it easten oan de Lemsterwei-East en yn it suden oan Dúnterpen.
De grutste ferkearsier fan de wyk is de Lemsterwei, dy't de grins foarmet tusken Lemsterwei-West en -East. De westlike grins wurdt foarme troch de Geau. Yn de wyk sels rinne gjin wetterwegen.